Slachtemaraton stikje koarter

13 jan 2012 - 20:25

De fjirde edysje fan de Slachtemaraton is dit jier in stikje koarter. Troch de finish te ferskowen nei de Hoarnestreek yn Easterbierrum wol de organisaasje in ferkearsgaos lykas 8 jier ferlyn foar wêze.

De Slachtemaraton fynt pas op 16 juny plak, mar dielnimmers moatte har kommende moandei al opjaan.

Dat kin fan 6 oere ôf op de webside fan de Slachtemaraton. Der kinne har noch 10.000 sporters opjaan. Foar de wedstryd hawwe har yntusken 1143 dielnimmers opjûn. Dat koe earder en dy foarkarbehanneling hienen de freonen fan de stifting ek. Sa binne der no al mear as 3700 kaartsjes ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)