Slachtemaraton siket amusemint

02 mrt 2012 - 10:56

De Slachtemaraton siket minsken dy't meidwaan wolle om de kuierders en hurddravers ûnderweis te fermeitsjen. Foar in muzyk- en bewegingsritueel by de start yn Raerd wurde minsken socht dy't nimfen en findeldragers útbyldzje wolle. Foar in optreden by de Slachtetille, de brêge oer de A31, wurde minsken socht dy't sjonge wolle. Doel is om de dielnimmers symboalysk oer de brêge hinne te tillen.

Minsken dy't meidwaan wolle, kinne harren op de ynternetside fan de Slachtemaraton oanmelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)