Slachtemaraton oarsom of net?

12 jan 2004 - 00:00

De rûte fan 'e Slachtemaraton is noch altyd net bekend. By de twadde edysje, dizze simmer, soe dy omdraaid wurde en fan Raerd nei Easterbierrum rinne. Mar it is noch net wis oft der in brêge oer de A31 (Ljouwert-Frjentsjer) komt.

De maraton wurdt hâlden op 12 juny. Oant no ta binne 600 hurdrinners ynskreaun, wêrfan't 200 de wedstriid dogge. De ynskriuwing foar de kuierders begjint op 14 febrewaris. Der is in maksimum fan 11.000 kuierders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)