Slachtedyk toeristyske attraksje

19 aug 2000 - 18:44

De Slachtedyk lûkt de lêste tiid in soad toeristen. It VVV-kantoar yn Frjentsjer krijt sûnt de Slachtemaraton deis tsien oant fyftjin belangstellenden by de baly en kin rûteboekjes hast net oanslepe.

De toeristen wolle foaral de sfear priuwe en rinne meastentiids in lyts stik fan de rûte. It Fryske Gea wol wer in ofisjele kuierrûte fan de folsleine rûte meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)