'Slachtedyk moat earder meand'

26 jan 2004 - 00:00

Boeren oan de Slachtedyk wolle dat it Fryske Gea dizze simmer de bermen fan de dyk earder meant. It lette meanen feroarsake ferline jier in soad ûnkrûd op it lân omt guon planten yn de berms har sied nei de greiden fersprieden.

It Fryske Gea wol 14 juny begjinne mei meanen. De 12e, mei de Slachtemaraton, moatte rinners fan moaie bermen mei in ferskaat oan planten genietsje kinne, fynt it Gea. Dat is wol ree om plakken mei in soad ûnkrûd earder oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)