Slachtebrêge om 21 oere klear

20 apr 2008 - 17:42
  • De brêge is yn losse dielen oanlevere en wurdt op it plak yninoar set

De bou fan de twadde Slachtebrêge tusken Frjentsjer en Harns is njoggen oeren letter klear as pland wie. Ferkear oer de sneldyk tusken de twa stêden wurdt dêrom langer omlaat. De dyk soe sneintemiddei om tolve oere wer frijjûn wurde. Dat wurdt nei alle gedachten in oere of njoggen jûns.

De nije Slachtebrêge is yn stikken oanlevere. Dy stikken wurde sûnt sneontejûn seis oere ynelkoar set. Dêrby hawwe wat tsjinslaggen west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)