Slachte: stjoer jo foto en sms

13 jun 2008 - 15:45

Op sneon 14 juny hat Omrop Fryslân oerdei op televyzje wer romte foar jo sms-berjochten. It programma fan Omrop Fryslân tv begjint even nei 11.00 oere moarns mei live bylden fan de Slachtemaraton. Under yn byld is romte foar sms-berjochten. De sms-kes kinne stjoerd wurde nei 06-20499199. Dizze tsjinst is fergees.

Op dizze website wurdt fierder ek in Slachtemaraton-fotoboek boud. Jo kinne hjirfoar sels foto's uploade op de spesjale foto-uploadpagina.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)