Slachskaad: wynmûne stilsette

04 feb 2003 - 00:00

Wynturbines útsette as de sinne skynt om slachskaden tsjin te gean. Mei dat idee komt de gemeente Wûnseradiel om klachten foar te wêzen. It giet dan om fjouwer megaturbines dy't oan 'e A7 tusken de Ofslútdyk en Boalsert komme moatte as ferfanging fan 12 lytseren.

De wjukken meirekkene wurde de mûnen 110 meter heech, likeheech as de Achmeatoer yn Ljouwert. Omwenners binne net dêr net bliid mei. De riedskommisje hifket it plan kommende moandei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)