Slachboom plysjeburo fernield

23 aug 2011 - 10:51

Twa manlju út Frjentsjer binne yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Drachten oanhâlden nei't se in slachboom fan it plysjeburo fernielden. De mannen fan 28 en 60 jier woene yn it plysjeburo oernachtsje. De plysje lei út dat dat net mooglik is en stjoerde se fuort.

Even letter seagen de plysjes fia in bewakingskamera dat de slachboom sloopt wie. De beide mannen stiene derby. Sa krigen se úteinlik dochs har sin en koene yn in sel oernachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)