Slach by Warns neispylje

05 okt 2009 - 13:58
  • Betinking fan 'e Slach by Warns

De Slach by Warns neispylje is in mooglikheid om de Warnsbetinking oantrekliker te meitsjen. Dat fynt de Federaasje Fryske Studinteferienings de koepel dêr't de ferienings by oansletten binne.

De studinten wolle dat de betinking oars en feestliker wurdt. Der moat mear publyk op ôfkomme, ek jongerein. Tocht wurdt oan oansluting by de aktualiteit, lykas de leechrin fan it plattelân. De studinten sjogge it idee net as krityk, mar as meitinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)