Slaanderij yn Wolvegea

16 feb 2014 - 11:10
  • Geweld

Twa ynwenners fan Wolvegea fan 17 en 22 jier hawwe sneontenacht slaanderij krige mei fjouwer plakgenoaten en in ynwenner fan Dronten. De beide fertochten krigen yn in hoarekasaak oan de Pastorystrjitte yn Wolvegea rûzje mei in groepke oare manlju. Se dielden ferskate klappen út. De twa binne oanhâlden en sitte fêst op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)