Slaanderij yn Ljouwert

01 sep 2013 - 12:11
  • Geweld

De plysje hat sneontejûn twa manlju oanhâlden op fertinking fan mishanneling en bedriging. It giet om in 43-jierrige Ljouwerter en in 38-jierrige Rotterdammer. It duo wurdt derfan fertochte dat se in 47-jierrige man út Ljouwert mishannele en bedrige hawwe, dat barde op de Hooidollen yn Ljouwert.

De manlju krigen spul en der ûntstie slaanderij. It slachtoffer en tsjûgen wiisden de beide manlju oan as de dieders. Se binne meinommen nei it buro, it slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)