Slaanderij yn Frjentsjer

26 des 2012 - 09:38

In 23-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is yn de nacht fan moandei op tiisdei yn in hoarekasaak oan de Fiverstrjitte oanhâlden. Hy seach dat syn maat spul hie mei in ûnbekende man.

Doe't it op slaanderij útdraaide en de beide manlju op de grûn leine, pakte de fertochte in bierglês en sloech in 25-jierrige ynwenner fan Frjentsjer dêrmei tsjin de holle. It slachtoffer rekke ferwûne en hat oanjefte dien fan poging ta swiere mishanneling. De fertochte wie fuortgien, mar is letter yn syn wenning oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)