Slaanderij yn Ferwert

11 maaie 2014 - 12:30
  • Geweld

Oan de Hegebeintumerdyk yn Ferwert is yn de nacht fan sneon op snein in jonge fan 17 oanhâlden, omdat hy in oare jonge mishannele hie. De 17-jierrige soe in klap tsjin de kaak fan in 16-jierrige jonge jûn hawwe.

Dy hie dêr sa'n lêst fan, dat 'er nei it sikehûs brocht wurde moast foar behanneling. Wat de oanlieding wie foar de mishanneling is neffens de plysje noch net dúdlik. De jonge fan 17 is meinommen nei it plysjeburo foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)