Slaanderij yn Drachten

16 jul 2013 - 11:11
  • Geweld

In frou (27) en in man (47) út Gruttegast yn Grinslân binne moandei oanhâlden nei slaanderij yn Drachten. De twa hiene spul krigen mei in 30-jierrige Drachtster. De oanlieding lei yn de relasjonele sfear. By de rûzje by de wenning fan de man oan De Hunze yn Drachten soene oer en wer klappen útdield wêze. De frou soe de Drachtster mei in hûneketting slein hawwe. It slachtoffer rekke dêrtoch ferwûne oan 'e rêch. In 54-jierrige man bemuoide him mei de rûzje en krige ek klappen. Hy rekke lichtferwûne.

De beide fertochten binne útnaaid yn harren auto. De plysje koe se by de A7 oanhâlde. Nei ferhear op it buro mochten de twa wer nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)