Slaanderij yn De Kompenije

16 maaie 2010 - 14:21

By in grutte fjochtpartij yn in hoarekasaak yn Drachtsterkompenije, binne sneontenacht op syn minst trije minsken ferwûne rekke. In groep fan likernôch santjin minsken socht neffens tsjûgen rûzje mei oare besikers. Dat rûn út op slaanderij.

De útbaters hiene yntusken de plysje warskôge. Der kamen ferskate plysjes oan te pas om 'e fjochtersbazen útelkoar te heljen. Twa ynwenners fan De Houtigehage fan 18 en 25 jier binne oanholden. Sy sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)