Slaanderij op 'e Gordyk

23 sep 2012 - 15:22
  • Boeien

De plysje hat sneontenacht yn de Formanjestrjitte op 'e Gordyk in 39-jierrige man út Surhuzum en in 23-jierrige Gordykster frou oanholden foar iepenlik geweld. In 42-jierrige buertgenoat wie nei de wenning fan de frou gien fanwege oerlêst. Se krigen spul en der foelen klappen. De man gie wer nei hûs mar al gau waarden in tal ruten fan syn hûs troch de frou fernield. Har 39-jierrige freon gie yn 'e hûs, besocht de man te slaan en fernielde noch in rút.

De yntusken oproppen plysje naam de 39-jierrige man en de frou mei nei it buro.

Sawol de 42-jierrige man as de frou die oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)