Slaanderij Harns en Westereen

11 maaie 2013 - 11:35
  • Geweld

De plysje hat freed yn Harns en op 'e Westereen jonges fan 17 jier oanhâlden foar mishanneling. De plysje kaam ôf op slaanderij op de Foarstrjitte. Wylst de plysje mei de jeugd stie te praten rûn de fertochte nei in oare jonge ta en sloech him samar yn it gesicht. De plysje rekkene de jonge dêrop yn.

Op 'e Westereen wie fernielerij yn de Ljurkstrjitte. Doe't de plysje mei in 18-jierrige ynwenner stiene te praten, kaam in 17-jierrige jonge deroan draven en sloech him yn it gesicht. De knaap koe mei muoite ynrekkene wurde.

Beide arrestearre jonges diene it wakker mâl doe't se oerbrocht waarden nei it buro. Se fersetten harren en misledigen de plysjeminsken. Dy dogge dêr oanjefte fan. Der is proses-ferbaal opmakke en beide fertochten wurde sneon heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)