Slaande rûzje yn wenhûs Harns

09 jun 2013 - 15:28

Yn Harns is sneontenacht in 42-jierrige man oanhâlden. Hy soe in stedsgenoat fan 40 jier bedrige hawwe yn syn wente oan de Karveelstrjitte.

De freondinne fan de fertochte wie by it slachtoffer op besite. De fertochte kaam dêr ek. Se krigen rûzje en de fertochte smiet húsried nei it slachtoffer. Dy rûn ek noch in snijwûne op trochdat er rekke waard troch in mes.

Underwilens pakte de freondinne jild fan it slachtoffer. Fertochte en freondinne naaiden dêrnei út. De fertochte is letter by him thús oanhâlden.

De plysje slút mear oanhâldings net út. It mes is yn beslach naam. De fertochte sit fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)