Slaande bussjauffeur wer frij

03 okt 2007 - 15:52

De bussjauffeur(48) dy't freed yn Harns in Minnertsgeaster(49) syn bus útsloech, is wer frij. De man út Minnertsgea leit yn koma, mar medysk ûndersyk hat útwiisd dat dit net komt troch de klappen fan de sjauffeur.

It slachtoffer wie ûnder ynfloed fan drank en drugs doe't er spul krige mei de sjauffeur. De sjauffeur bliuwt wol fertochte fan mishanneling. De man út Minnertsgea waard yn de plysjesel net goed en rekke doe yn koma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)