Skytgedoochsônes Deinumer hûnen

09 apr 2004 - 00:00

Yn Deinum meie minsken har hûnen aanst net mear frij skite litte sûnder de stront op te rêden. Doarpsbelang stie der by de gemeente op oan gedoochsônes yn te stellen en dat giet troch. As de proef goed útpakt, wurdt it systeem yn alle doarpen fan Menameradiel ynfierd.

De gedoochsônes bestean út in seistal stripen gers krekt bûten it doarp. De hûnen meie op dy plakken frij skite en de stront hoecht net opromme te wurden troch de baaskes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)