Skylgers starte petysje tsjin bou apparteminten Griene Strân

03 jan 2016 - 12:57

De eigeners fan paviljoen de Walvis op Skylge fiere in petysje-aksje tsjin de plannen fan projektûntwikkeler Segesta foar de bou fan apparteminten op it Griene strân. Neffens de eigeners fan it paviljoen en ek oare Skylgers is it plan te grutskalich en ek te heech.

It ferrinnewearret it oansjoch fan Skylge sa fine se. De aksje Help Terschelling is op ynternet úteinset. Omwennenden sille ek nei de rjochter om de plannen tsjin te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)