Skylgers meie langer surfe

17 jul 2008 - 22:43

Kitesurfers op Skylge kinne no ek bûten de simmermoannen terjochte op it Groene Strand. Fan Rykswettersteat mochten se dêr allinnich kitesurfe fan 1 juny oantemei 31 augustus omt it oars de natuer skeine soe.

Tongersdei hat de rjochter útspraak dien en de surfers yn it gelyk steld. Rykswettersteat hie allinnich nei de feilichheid fan de skipfeart sjen moatten en net nei de natuer. Foaral kitesurfers fan Skylge sels meitsje gebrûk fan dizze lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)