Skylgers helje goed 18.000 euro op foar Serious Request

24 des 2015 - 14:54
  • Der waard folop aksjefierd op Skylge, sa as by it Amsterdamsch koffiehuis

Op Skylge is goed 18.000 euro ophelle foar Serious Request. In groep eilanners hat dat bedrach tongersdei nei it glêzen hûs fan 3FM yn Heerlen brocht. Se hawwe it cash troch de brievebus fan it glêzen hûs dien.

Lykas foargeande jierren, waarden ek op Skylge ferskate aksjes organisearre foar it goede doel. Sa hawwe de goed 4.700 ynwenners fan it eilân in eigen glêzen hûs, in feiling en in taartbakaksje.

3FM freget mei Serious Request 2015 oandacht bern yn oarloch- en konfliktgebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)