'Skylger tongetút' yn Berltsum

11 okt 2010 - 13:57

Nei Café Café yn Ljouwert hat De Nuchtere Fries in twadde adres fûn foar de ferkeap fan alkoholfrije cocktails. Fan sneon ôf steane se ek op de kaart by The Dance Factory yn Berltsum. It giet om de drankjes Go Nuts, Go Bananas, Shot to Heaven en de Skylger Tongetút.

De kampanje De Nuchtere Fries hat as doel it alkoholgebrûk ûnder it útgeanspublyk werom te bringen. Mei de cocktails wolle se sjen litte dat ek drankjes sûnder alkohol lekker binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)