Skylger skoalbern hawwe eksposysje foar Sinezen op Oerol

15 jun 2015 - 20:33

Sineeske toeristen moatte nei Skylge takomme. Dat fine de eilanner skoalbern. Se hawwe Skylge yn it lyts neimakke en fertelle op film wat der sa moai is oan harren eilân. Sa besykje se Sinezen waarm te meitsjen foar in besite oan Skylge. Harren kreaasje is te sjen op Oerol.

Betinker fan it projekt is keunstner Victor Frederik. Hy seach in filmke op ynternet fan in Sineesk reisburo. In reisgids frege har yn it filmke ôf hokker oare moaie plakken der yn Nederlân binne, útsein Amsterdam. En dêr wurdt op Skylge no op ynspile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)