Skylger polityk wol Doeksen

05 sep 2007 - 12:05
  • As it oan de gemeente leit fart allinnich Doeksen op Skylge

As it oan de Skylger polityk leit, krijt rederij Doeksen it monopoly op de feartsjinst nei it eilân. Dêrmei wurdt de Eigen Terschellinger Veerdienst, dy't Skylger ûndernimmers opsette wolle, bûtenspul set.

In riedskommisje is foar it tekenjen fan in iepenbier tsjinstkontrakt wêrtroch der gjin frije merk komt foar feartsjinsten. Mei it kontrakt krijt Doeksen de kommende fyftjin jier gjin konkurrinsje op it persoaneferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)