Skylger oaljekoek is bêste

30 des 2004 - 09:08

De bêste oaljekoek fan Fryslân is te krijen by bakkerij Bos op Skylge. Dat is de konklúzje fan de jierlikse oaljekoeketest fan it Algemeen Dagblad. De Skylger bakker stiet op it 21ste plak en krijt in 6,5 as sifer. De Korenbloem út Snits en de Gebakskraam yn Ljouwert steane 48ste en 50ste.

Oer it generaal is it better steld mei de kwaliteit fan de oaljekoek as earder, sa konkludearje de ûndersikers fan it AD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)