Skylger leppelbek yn Slowakije

27 apr 2011 - 15:07
  • Foto: Remco de Vries

In leppelbek fan Skylge is op de weromreis nei it eilân behoarlik út 'e koers rekke. De fûgel is sjoen yn in marregebiet yn Slowakije. Dat meldt Otto Overdijk fan Natuermonuminten. It is de earste kear dat in leppelbek yn Slowakije sjoen wurdt. Al is it net de earste kear dat Fryske leppelbekken nuvere reizen meitsje.

Sa is der alris bret yn Ingelân en yn Afrika troch fûgels dy't gewoanwei werom komme nei Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)