Skylger garnalekotter yn brân

13 des 2007 - 07:38

De reddingsmaatskippij fan Skylge is tongersdeitemoarn útfearn om't der brân wie op in Skylger garnalekotter. De kotter fiske op see doe't yn de leefromte op it skip koartsluting ûntstie. De skipper en syn bemanningslid ha de brân sels blust.

De skipper klage oer pine op it boarst, mar woe syn skip net ferlitte. Ambulânsepersoniel hat him dêrom oan board ûndersocht. It skip leit yntusken wer yn de haven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)