Skylger filmfestival slagge

16 nov 2009 - 11:34
  • De Braskoer wie ien fan de lokaasjes dêr't films draaid waarden

Sa'n 750 minsken hawwe nei de filmfoarstellingen fan de earste edysje fan de Terschellinger Filmdagen op Skylge west. Trijekwart fan de beskikbere tagongskaarten binne ferkocht.

Op it festival wiene 21 films te sjen yn teater Westend, de filmseal fan Hotel Nap en diskoteek De Braskoer. De besikers fan it festival beoardielden de films gemiddeld mei in rapportsifer 8.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)