Skylger erfpachters freegje politike help by skeel oer grûn

28 jan 2016 - 17:09
  • Skylge

De ferkeap fan grûn fan Steatsboskbehear oan 79 erfpachters op Skylge driget fêst te rinnen. De Vereniging Terschellinger Erfpachters freget de Twadde Keamer dêrom no om help. De feriening ûnderhannelet al sechtjin jier mei Steatsboskbehear, mar no bemuoit in tredde partij him mei de ûnderhannelingen.

It Rijksvastgoedbedrijf, dat al it ûnreplik goed fan de Ryksoerheid beheart, soe net akkoart gean mei de ôfspraken dy't de erfpachters meitsje wolle. Dy hawwe harren hoop dêrom no op de Haachske polityk festige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)