Skylger delstutsen op eilân

30 apr 2009 - 13:50

Op Skylge is woansdeitejûn in 53-jierrige man út Midslân delstutsen troch in man út Roden. De twa hiene spul krigen, wêrby't de fertochte in mes luts en de man út Midslân oanfoel.

Omstanders hawwe de fertochte fêsthâlden en de plysje belle. Hy is fêstset op it buro. It slachtoffer is mei de ambulânse nei de dokterspost brocht. Nei behanneling dêr koe er wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)