Skylger boat siket mei nei fermiste kotter yn Kanaal

02 feb 2015 - 21:11
  • De Brandaris op Skylge

It fiskersskip MV Good Hope fan Skylge siket fan tiisdei ôf mei nei in fermiste fiskersboat by de Frânske kust. MV Good Hope is spesjalisearre yn it lokalisearjen fan wrakken en moat helpe de Z85 Morgenster te finen. Dy rekke woansdeitemiddei fermist yn it Kanaal, tusken Grut-Brittannië en Frankryk.

Twa fan de fjouwer fiskers, in man fan Urk en in man út Portugal, wurde noch hieltyd fermist. Neist it skip fan Skylge helpe fjouwer Belgyske en in tal Urker fiskersboaten ek mei it ôfsykjen fan de seeboaiem.

De lichems fan de twa oare opfarrenden, manlju út Urk en België, binne fûn by it Frânske Boulogne-sur-Mer. De Morgenster dêr't de twa Urkers op fearen, hat de havenkoade Z fan it Belgyske Zeebrugge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)