Skylge:mêst fan 40 meter heech

14 okt 2011 - 11:21

By Midslân op Skylge komt mooglik in stjoermêst fan 40 meter heech. B. en w. hawwe dêrfoar in foarstel dien oan de gemeenteried. De mêst moat komme by it sportfjild oan it Kallandspaad.

KPN wol de mêst pleatse om de mobile dekking fan Midslân-Noard en it simmerhúskegebiet West oan See en Midslân oan See te ferbetterjen. De 40 meter hichte is nedich om in sa goed mooglik berik te krijen. Op 25 oktober praat de gemeenteried oer it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)