Skylge wol yn beneaming komme foar Dark Sky Park

21 mrt 2015 - 10:43
  • Molkwei

Steatsboskbehear Skylge hat sneon de oanfraach ferstjoerd nei Amearika om yn de beneaming te kommen foar in gloednij 'Dark Sky Park'. In Dark Sky Park is in gebiet dêr't it nachts folslein tsjuster is en dêr't minsken nei de stjerren sjen kinne. Oer de hiele wrâld binne der tweintich fan dizze parken mei in predikaat, en dit soe de earste yn Nederlân wurde kinne.

Inisjatyfnimmer Melis de Vries hat sa'n twa jier dwaande west om de oanfraach ta te rieden. Sa hat der bygelyks in ljochtmjitting west om nei te gean oft Skylge tsjuster genôch is.

De Vries ferwachtet oer likernôch twa moannen mear dúdlikheid oft Skylge in Dark Sky Park wurdt. Hy hat der fertrouwen yn dat it slagget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)