Skylge wol oare plaknammen

16 feb 2009 - 12:22

Terschelling-Formerum, Terschelling-Midsland, Terschelling-Hee. It klinkt no noch frjemd, mar mooglik wurde dat yn de takomst de offisjele nammen fan de doarpen op Skylge. Boargemaster en wethâlders fan it eilân stelle de ried foar om tenei it wurd Terschelling foar alle plaknammen op it eilân te setten.

Op dit stuit binne de formele nammen yn de gemeentlike administraasje noch oars as de nammen op de kombuorden en dat moat oars, fine b. en w.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)