Skylge wol mear jeugd nei eilân

10 apr 2005 - 14:56

De ûndernimmers op Skylge komme yn aksje om der foar te soargjen dat der wer mear jongerein nei it eilân ta komt. Takom jier kinne learlingen dy't harren diploma helle ha sawat fergees inkele dagen nei Skylge ta.

Dêrnjonken komme der oare aktiviteiten by, lykas kitesurfen en flotfaren. Want at se no neat dogge, dan betsjut dat fergrizing fan toeristysk Skylge. Jongeren gean faker as foarhinne nei it bûtenlân om't dat goedkeaper wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)