Skylge wol keunstgersfjild

05 nov 2003 - 00:00

De sportclubs op Skylge krije mooglik in keunstgersfjild. Op it eilân wurdt al in skoft praat oer it konsintrearjen fan de sportfjilden op ien lokaasje. De hjoeddeiske akkommodaasjes binne oan ferfanging ta. Dat kin foardeliger op ien lokaasje.

De gemeente hat besjoen hoe't de akkommodaasjes it bêste moderniseard wurde kinne en komt no mei it plan fan in keunstgersfjild, dat langer meigean kin. It fjild komt yn Midslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)