Skylge wol flugge wettertaksy

23 nov 2010 - 22:44

De gemeenteried fan Skylge hat in moasje fan Pleatslik Belang oannommen dêr't yn stiet dat se wolle dat wettertaksys ek nachts op folle snelheid farre meie. No meie flugge motorboaten nachts net hurder as 20 kilometer yn 'e oere. Rykswettersteat seach it oant no ta meastal troch de fingers, mar hat oankondige tenei strang optrede te sillen.

De ried fynt it fan maatskiplik belang dat yn de grutte farwetters ek nachts hurd fearn wurde mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)