Skylge wol bylden jaan oan Oerol

11 des 2005 - 14:13

De gemeente Skylge wol de organisaasje fan it Oerolfestival takom jier fjouwer bylden kado jaan fanwege it 25-jierrich bestean fan it festival. It giet om de graniten bylden fan keunstneres Yaël Artsi. Se hat bylden makke út graniten blokken dy't út it wrak fan de yn 1905 sonken frachtfarder 'Otto' helle binne.

De keunstobjekten binne makke op eardere edysjes fan it Oerol-festival. Se moatte no in fêst plak krije by it bedriuwsterrein yn Skylge-West.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)