Skylge wol Blauwe Flagge werom

02 jun 2007 - 13:26

Skylge wol de Blauwe Flagge werom hawwe op de strannen. De flagge is in ynternasjonaal symboal foar goede strannen en jachthavens. No wappert er inkeld by de jachthaven, om't dat plak foldocht oan 'e betingsten. B en W wolle de foarsjennings by de oergongen nei de strannen ferbetterje. It giet dan om saken lykas bewaking, ynvalidetoiletten en ôffalbakken. De Blauwe Flagge is maklik foar de herkenberens fan de kwaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)