Skylge: winst VVD en PBT

07 mrt 2006 - 22:54

De VVD en de Plaatselijk Belang Terschelling binne de winners fan de ferkiezings op Skylge. Beide partijen winne der in sit by yn de ried en geane fan twa nei trije sitten. De PvdA ferlear in sit, fan fjouwer nei trije, mar bliuwt mei 31,3% de grutste partij op it Waadeilân.

It CDA ferlear ek. De kristendemokraten giene fan 31,5 nei 17,4%. It CDA moat dan ek ien fan 'e trije sitten ynleverje en hâldt der twa oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)