Skylge slút edukaasjesintrum

04 sep 2014 - 06:35
  • Bosk Skylge

It Sintrum foar Natuer en Lânskip op Skylge krijt fan takom jier ôf gjin subsydzje mear fan de gemeente. En dat betsjut dat it edukaasjesintrum slute moat. De gemeente seit net oars te kinnen, om't sy bot besunigje moat. By it Sintrum foar Natuer en Lânskip wurkje trije minsken. Foar harren wurdt noch in oplossing socht.

Skylge fiert ûnderwilens foarsichtige petearen mei oare partijen oer it opsetten fan in nij sintrum foar natueredukaasje en foarljochting. Ek binne der plannen foar in natuermuseum yn de Tonnenloads.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)