Skylge sjocht mei spanning nei gasdebat yn Twadde Keamer

28 apr 2015 - 12:08

Op Skylge wurdt tiisdei mei spanning sjoen nei in debat yn de Twadde Keamer. Dan wurdt stimd oer in moasje dy't miskien wol in slot set op de plannen foar de gaswinning op en by it eilân. Ynstek fan de moasje fan de Partij voor de Dieren is dat yn Natura-2000-gebieten net nei gas of sâlt boarre wurde mei. Der tekenet him in mearderheid foar dy moasje ôf.

Minister Kamp hat al sein dat er syn eigen ôfwaging makket, as it giet om gaswinning op en by Skylge. Tulip Oil wol op en by it eilân gas út de grûn helje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)