Skylge sammelet tûzenen hantekenings tsjin gasboarrings

17 feb 2015 - 12:17
  • Posters fan de wurkgroep Gas(t)vrij Terschelling

Op Skylge binne al in pear tûzen hantekenings ynsammele tsjin de mooglike gasboarrings fan Tulip Oil op it eilân. Tulip Oil hat plannen om op of by it eilân nei gas te boarjen. Mar it ferset fan eilânbewenners liket hieltyd grutter te wurden.

Der is yntusken in aksjegroep oprjochte mei de namme Gas(t)vrij Terschelling. De foarsitter fan de klankboerdgroep is sels opstapt fanwege in bedriging. Tiisdeitejûn is der in byienkomst op it eilân mei alle partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)