Skylge rjochtet aksjegroep op tsjin gasboarrings

13 feb 2015 - 08:33
  • De haven fan Skylge

Bewenners fan Skylge hawwe de aksjegroep Gas(t)vrij Terschelling oprjochte. Dy groep wol eilânbewenners ynformaasje jaan oer de plannen fan Tulip Oil om op it eilân te boarjen nei gas. Al goed in jier wurdt praat oer boarrings op it eilân, mar ferskate belanghawwenden en de befolking binne noch net ynljochte.

De aksjegroep ropt bewenners op om freedtemiddei om ien oere te protestearjen tsjin de gaswinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)