Skylge rêdt oerstallige ferkearsbuorden op

20 mrt 2016 - 11:21
  • Ferkearsbuorden

De gemeente Skylge wol fan oerstallige ferkearsbuorden ôf. De kommende tiid wurdt besjoen hokker buorden fuort kinne. Skylge tinkt yn elts gefal oan it fuortheljen fan buorden dy't warskôgje foar in foarrangskrusing, dêr't in dyk fan links komt. Bestjoerders hoege gjin foarrang te jaan oan ferkear fan links, dus dat makket dy buorden neffens Skylge oerstallich. Fan dy buorden allinnich al soene der 30 fuorthelle wurde kinne.

By it fuortheljen fan de buorden stiet foarop dat de ferkearsfeiligens der net ûnder lije mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)