Skylge mei advys útbringe oer plannen fan Tulip Oil

21 apr 2015 - 16:20

De gemeente Skylge hat it dokumint krige dêr't yn stiet wêr't en hoe't Tulip Oil gas winne wol op it eilân. Tulip Oil hat offisjeel in fergunningoanfraach dien by de provinsje. Dêr heart it dokumint by. De provinsje hat it dokumint foarlein oan de gemeente Skylge. Dy kin de provinsje advys jaan oer de fergunning.

De provinsje keppelet dat Skylger advys werom nei de Mijnraad, dy't op syn beurt de minister wer advisearret oer eventuele gaswinning op Skylge. De ferwachting is dat de minister fan 't simmer in beslút nimt oer de gaswinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)