'Skylge lytser, Amelân grutter'

25 jan 2005 - 06:33

It eilân Skylge is de ôfrûne tritich jier twa kilometer lân kwytrekke. Dat seit Steatsboskbehear. Dat de eilannen troch seestreamings "rinne" fan west nei east is bekend, mar hoefolle wie net krekt dúdlik.

Moandei is der mear helderheid ferskaft. Oan de eastkant fan Skylge is der sân fuortspield. Dat is der oan de eastkant fan It Amelân wer bykaam. Dêrtroch wurdt Skylge dus lytser en groeit it Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)